Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Krystman yn de bus

Krystman yn de bus

21 Desimber 1995

In bytsje mear fleurichheid yn it bedriuw FRAM kin gjin kwea, tocht bussjauffeur Broer Smedes. In pear dagen foar krysttiid 1995 ried dizze man ferklaaid as krystman yn de bus tusken Ljouwert en Drachten.

Spegels: Harmonie

Spegels: Harmonie

02 Maart 2006

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Yn dizze útstoering komme ferskate ûnderwerpen del: de Musical Annie, de sjongende suskes: Elly May Efde en Carin Seegers. En it Museum Frjentsjer.

LTV_30_MINUTEN_PROVINSJALE_STEATEN_V2

30 Minuten Provinsjale Steaten: petear tusken Sytze Faber en Johanneke Liemburg

26 Febrewaris 1995

Petear tusken Sytze Faber en Johanneke Liemburg. Beide studearren politikology. Faber is boargemaster fan Hoogeveen en wie earder Twadde Keamerlid (CDA) en haadredakteur fan Friesch Dagblad. Liemburg is Twadde Keamerlid (PvdA) en wie earder steatelid en deputearre yn Fryslân en sjoernalist. It giet ûnder oare oer de rol fan Den Haag en gearwurking fan de trije noardlike provinsjes.