Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sjoch mar: Beachfollybal

Sjoch mar: Beachfollybal

22 Juny 1998

Mei 300 kúb sân en tsientallen follyballers op de winkelbûlevaar fan Drachten koe it beachfollybaltoernoai begjinne. En dat koe Arjen de Boer fansels net misse.

Tûkelteammen 0103

Tûkelteammen 0103

15 Oktober 2002

De dielnimmers fan dizze ôflevering fan de taalkwis binne yn team 1: kultuerdeputearre Bertus Mulder en Mary Boske; team 2: publisist Klaas Jansma en Agatha Hylkema-Jorna.

De Nije Moanne: Grut yn it lytse

De Nije Moanne: Grut yn it lytse

02 Febrewaris 1992

Fryslân moat it ha fan lytse bedriuwen. Doarp en Bedriuw Fryslân promoatet by bedriuwen dat se har yn doarpen fêstigje kinne. Direkteur Berend Raap fertelt dêroer. We sjogge ek by trije bedriuwen: listefabryk sit yn it eardere molkfabryk fan Surch, Aart van der Linde fertelt oer syn bierbrouwerij Us Heit en we sjogge by Supertron op It Hearrenfean dat de Europeeske fêstiging is fan it Taiwaneeske kompjûterbedriuw.