Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wyn op woansdei: Aids yn Súd-Afrika

Wyn op woansdei: Aids yn Súd-Afrika

23 Oktober 2002

Programmamakker Evert van den Berg reizge nei Súd-Afrika foar in reportaazje oer de opfang fan bern mei Aids. Twa Friezen, Aukje en Toby Brouwer, sette harren yn foar bern mei Aids yn it bernesikehûs yn Kaapstad. Se krije jild fan 'e sinneblom-aksje fan 'e Ljouwerter Krante.

Vive la Frise 3

Vive la Frise 3

21 Augustus 2002

Op syk nei Friezen yn de Ardêche yn Súd-Frankryk: âld-psychoterapeut en bydzjend keunstner Kor Onclin.

Om Utens: It Frysk Bûn

Om Utens: It Frysk Bûn

21 Maaie 1998

Yn it programma Om Utens wurde bekende Friezen portrettearre dy’t bûten Fryslân wenje en wurkje. Dizze útstjoering giet oer It Frysk Bûn. Dit is in koepelorganisaasje fan 27 Fryske Kriten bûten Fryslân. Troch sa’n Fryske Krite kinne Friezen bûten Fryslân yn kontakt komme mei-inoar en behâlde se harren bân mei Fryslân.