Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

PETEAR_IDSWILLEMSMA

It Petear: Ids Willemsma

23 Jannewaris 1996

Bouke Oldenhof praat mei de Hallumer keunstner Ids Willemsma, ûnder mear bekend fan syn timpeltsje op de seedyk by Marrum.

180710_SADWAANDE_OER_MOADE_10_02_1999.mp4

Sadwaande: Moade

10 Febrewaris 1999

Dizze Sadwaande giet oer moade en klean. We sjogge by de twa kleanwinkels yn Sint-Anne en by BC Fashion op De Westereen dêr't konfeksje makke wurdt. BC stiet foar Beautiful Clothing. En we prate mei learlingen op de moadefakskoalle dy't graach ûntwerper wurde wolle.

Sadwaande_17_06_2002_Boerum

Sadwaande: Skûtels

17 Juny 2002

Dizze Sadwaande giet oer de skûtels yn Boerum. It grûnstasjon fan de satellytkommunikaasje is yn 1973 boud. We sjogge wat se der krekt dogge en wêr't de skûtels foar brûkt wurde, lykas telefoan, telefyzjesinjalen en it waar foarsizze. Ek leare we wat oer de skiednis. Floris is op syk nei de grutte earen fan it doarp.