Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_BOER_KEARPUNT_BOUBOER_2_WEROMROP

Boer op in kearpunt: de bouboer

13 Oktober 1991

Yn twa dielen sjogge we by boeren dy't op in kearpunt steane. Yn dizze ôflevering stiet de bouboer sintraal. We sjogge by de famylje Siderius oan de Nije Biltdyk. Neist de jirpels en sipels kweke se no ek roazeplanten. Boubouren ha it dreech troch de legere prizen en de EEG-polityk. De ûnrêst soarge sels foar protesten dat boeren mei trekkers op it Binnenhof yn Den Haag stienen. Earder die heit alles mei de hân mar troch de meganisaasje kin de soan no alles allinne mei de masine dwaan. Hy sjocht ek by de Proefboerderij Kollumerwaard dêr't se nije rassen kweke.

LTV_FRYSKE_IDENTITEIT_2_220902_WR3

Rykdom of efterstân? Oer kulturele identiteit (diel 2)

22 Septimber 2002

Diel twa fan in twalûk oer kulturele identiteit. Skriuwers Geert Mak en Elsbeth Etty, histoarikus Goffe Jensma, literatuerhistoarikus Herman Pleij, politikus Bertus Mulder en filosoof Lolle Nauta prate oer dat begryp. Watfoar rol spilet taal dêrby? Wat is de takomst fan minderheidstalen? We sjogge ek by it Grinzersk, Siuwsk en Turksk.

LTV_EKO_BUORKJE_WR

Eko-buorkje: derop of derûnder

19 Desimber 2004

It regear wol dat der mear biologysk buorke wurdt. We folgje twa biologyske boeren, se fertelle oer wat se tsjinkomme yn dat proses. Kees Timmers is bouboer yn Ingwierrum en Henk Hogendoorn is tsiisboer. Thom Krol hat in edukative pleats yn Droegeham. Ek in lânbou-ekonoom komt oan it wurd.