Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wurktiid TV: Glêzewasker

Wurktiid TV: Glêzewasker

20 Novimber 1996

Vera Smit presintearret dizze Wurktiid TV, se docht in oprop foar wurk as 'regelneef'. Baan fan de wike is glêzewasker. A. Nijboer fertelt wat it wurk ynhâldt. We sjogge by de Rotaryclub op It Hearrenfean, dizze klup fan sakeminsken set him yn foar goede doelen. Oan it wurd komme A. Geerdink, T. Baas, R. Feenstra en A. Zillinger. En we sjogge by H. Kanon, dy't as betelle frijwilliger by âldere minsken op besite giet.

LTV_alde-Rassen-nije-Takomst_WR

Alde rassen, nije takomst

05 Novimber 2006

By It Griene Nêst yn Sumar wurde mear as 300 appelrassen kweekt, der binne ek âlde Fryske rassen by en ek oare gewaaksen fan eardere grienten as grauwe earte en wâldbeantsjes. Meiwurkers fertelle der oer. We sjogge by ferskate hobbyboeren, ien hat in bysûndere appelbeam dy't Doeke Martena om 1650 kweekte. By de genenbank fan de universiteit yn Wageningen bewarje se siedden en yn Appelskea wurket 'Kookschool en culinair historisch museum' mei streekprodukten.

Hjoed: Hûneshow 13 april 1998

Hjoed: Hûneshow 13 april 1998

13 April 1998

Topdrokte hjoed by de Peaskehûneshow yn it FEC. Ekstra kassa's wiene der nedich om de tûzenen besikers oan te kinnen. Nei in oere wiene der al 7.000 minsken om de 2650 hûnen te besjen. De 32e ynternasjonale tentoanstelling wurdt hâlden yn de trije nije hallen fan it FEC. Meinamme foar de demonstraasje fan de plysjehûnen wie in protte belangstelling.