Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Frysk Festival: Salut au Monde yn Fries Museum

Frysk Festival 3: Salut au Monde yn Fries Museum

17 Septimber 1995

It Frysk Festival hie as tema 'Salut au Monde' nei in gedicht fan Walt Whitman. It festival waard ien kear yn de fiif jier organisearre. Trije wiken lang brocht Fryslân in kulturele groet oan de wrâld fol mei tal fan ferskate projekten. Yn it Fries Museum wie in tentoanstelling oer it tema mei allerhanne lânskipsskilders. Net inkeld Fryske, lykas Klaas Koopmans en Willem van Althuis, mar ek bûtenlânske keunstners waarden útnûge om it Fryske lânskip fêst te lizzen. Gastkonservator Wim van Sinderen jout útlis by de útstalling.

LTV_De-oare-omrop-GPTV_WR

De oare omrop, oer GPTV

27 Jannewaris 2008

We sjogge achter de skermen by GPTV, de omrop dy't Harns en omjouwing fan nijs foarsjocht. Se krije in nij ûnderkommen yn Trebol. It bedriuw fan de famylje Gerstel, Wout, Niels en Daniella, docht ferslach fan de regio, fan koartebaanwedstriid oant karnaval en fan brân oant in konsert. It programma 3Spoor praat mei reizgers yn de trein, wêrûnder de bekende Harnzer Wiebe van Dijk.

LTV-It-ferhaal-fan-de-film-Sportman-fan-de-Ieu_WR

It ferhaal fan de film 'Sportman fan de Ieu'

02 April 2006

We sjogge achter de skermen by de opnamen fan de film 'Sportman fan de Ieu' oer pealsitter Teake. De film spilet him ôf yn Fryslân yn de jierren tritich. We prate mei akteurs, lykas Jochum ten Haaf en Joke Tjalsma en sjogge by de opnamen. Der is ek in taalcoach dy't om de útspraak fan it Frysk tinkt.