Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

7de klasse A 16: Zeester - Snits

7de klasse A 16: Zeester - Snits

07 April 2003

Yn de rige '7de klasse A' folget Boppeslach de leechste amateurklasse fan it fuotbaljende Fryslân. Wedstriid Zeester - Snits. Spilers Snits kinne fuotbalfjild fan de Zeester net fine.

LTV_150JIER_PC_2_220604_WR2

150 jier PC: diel 2 'De dei is uzes mei-inoar'

22 Juny 2003

Yn dit diel oer de PC, de belangrykste keatswedstriid fan it jier op it Sjûkelân yn Frjentsjer, giet it oer tradysjes, lykas as de lotting, en keatsgeneraasjes. Keatsleafhawwers komme oan it wurd, foarsitter Jan van der Meij komt oan it wurd, krekt as keatshistoarikus Pieter Breuker. Der binne is soad wedstriidbylden te sjen en ek argyfmateriaal.

Sybe Satellyt 0806

Sybe Satellyt 0806

10 Maart 1998

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Sybe sjocht by it akwadukt Mid-Fryslan by Grou en yn in eardere reportaazje sjogge we by de bou dêrfan. Ek praat Sybe mei Jeltsje Boersma dy't alles fertelle kin oer de mummys fan Wiuwert.