Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

MYNDOMYN_051005_BRUINSMA

Myn Domyn: Teätermakker Durk Bruinsma

05 Oktober 2005

Durk Bruinsma wennet yn Kollumersweach en is 19 jier. Syn grutte dream is om in ferneamd top-teäterprodusint te wurden. Hy is al goed seis jier dwaande mei it meitsjen fan in musical yn de Feankleaster bosk. It ferhaal fan dizze Verborgen Legende hat er sels skreaun. Yn de simmer fan 2006 giet it yn premjêre. De regy-oplieding yn Amsterdam dy't er dwaan wol, is foar minsken âlder as 21 jier. Dêrom is er no earst oan 'e slach gien yn de hoareka. Dêrnjonken set er al syn tiid yn syn passy teäter. De realisaasje fan syn dream giet somtiden dreech en is ôfhinklik fan allerhanne minsken.

LTV_WILLE_EN_PRETINSJES_2

Amateurtoaniel: Wille en pretinsjes (diel 2)

10 April 1994

We sjogge by it amateurtoaniel yn Fryslân. By it Boun Fryske Toanielselskippen binne sa'n 130 ferieningen oansletten. Faak wurdt in luchtich, humoristysk stik spile, mar it bûn is ek dwaande om de kwaliteit te ferheegjen en mear djipgong te krijen. We hearre regisseur Pyt van der Zee hjiroer, dramaturch Bouke Oldenhof, toanieladviseur en oprjochter fan de Jeugdteäterskoalle Hilde Mulder en BFT-foarsitter Geeske Frieswyk. Selskip Tesselschade út Hurdegaryp makket faak eigensinnige produksjes.

Wurktiid TV: Prins yn Dokkum

Wurktiid TV: Prins yn Dokkum

07 Maaie 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer it wurk fan metaalbedriuw Prins yn Dokkum. Se meitsje ûnder oare fangrails en konstruksjes foar yn de kassen. Bêste kollega is Hilly van Til, fan relaasjebedriuw Nieuw Perspectief. By in tsiisferpakkingsbedriuw sykje se nije minsken en ek straters kinne oan de slach.