Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_GERRIETPOSTMA_WR

Portret fan keunstner Gerriet Postma

29 Juny 2009

Hy kin sjoen wurde as ien fan de súksesfolste Fryske keunstners: Gerriet Postma fan Twizelerheide. Hy eksposearre yn München, Barcelona en New York. Omrop Fryslân wie begjin 2009 úteinsetten mei opnamen foar in portet fan de eigensinnige Fries, doe't er ein febrewaris dat jier ûnferwachts ferstoar yn syn wenplak Grins. Hy waard 76 jier. Oan de hân fan de lêste opnamen en argyfmateriaal is in byld makke fan it libben fan Gerriet Postma.

ABD-sjoo 0402

ABD-sjoo 0402

12 Oktober 2004

Yn de twadde ôflevering fan it fjirde seizoen ABD-sjoo (skoaljier 2004/2005) nimme de basisskoallen Middelstein út Mullum en de E.P. de Boerskoalle út Winaam it tsjin inoar op. Yn de filmkes sjogge we de jeugddûnsoplieding fan Grietine Molenbuur, de biste-preparateur en de ortodontist yn Ljouwert. Te gast is Mariska de Boer mei in skedel út in terp. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).

LINKK 28: Berikberens

LINKK 28: Berikberens

26 Maart 2004

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer berikberheid. Troch de mobile telefoan binne we altyd berikber no. Kinne we noch wol sûnder? Ek sjogge we by chatte fia de kompjûter en âldere minsken dy't kompjûterles krije.