Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Fan fan: Boudewijn Pahlplatz

Fan fan: Boudewijn Pahlplatz

03 Maaie 1999

Yn de rubryk 'Fan fan' yn it sportprogramma Boppeslach wurdt Boudewijn Pahlplatz it himd fan it liif frege troch Romke Gerke Faber (11 jier) út Aldeberkeap en syn neefke Abert van der Weide (6 jier) út Dronryp. Se moetsje de Hearrenfeanspiler by de fysio.

180918_SADWAANDE_11_02_1998_FERBETTERE.mp4

Sadwaande: klaverblêd Hearrenfean, Fryske ekonomy, ljochtterapy

11 Febrewaris 1998

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. Nije fakatueres, ûndernimmers fan it jier en wa is de bêste kollega, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear sjogge we by it wurk oan it klaverblêd by It Hearrenfean dat de rotonde ferfangt en de trochstreaming ferbetteret. We sjogge by Anneke Zondervan dy't har winterdepresje bestriidt mei ljochtterapy en psychiater Titus van Oss leit dat út. Deputearre Gerard van Klaveren fertelt wat de provinsje docht op it mêd fan ekonomy en behâld fan natuer.

Van Tuinen Thús by Wieteke Cramer

Van Tuinen Thús by Wieteke Cramer

05 Septimber 2001

Thús by Wieteke Cramer op 'e Lemmer, reedrydster.