Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180702_SADWAANDE_OER_DE_RJOCHTBANK_27_05_1998.mp4

Sadwaande: ekologysk buorkje, oplieding (diel 6), rjochtbank (diel 1) en azc yn Dokkum

27 Maaie 1998

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. De kwestje en de oplieding foar wurk, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear de start fan in nije rige: de rjochtbank. Wat bart dêr allegear by it Iepenbier Ministearje? We sjogge by in ekologyske boer yn Pitersbierrum. Yn de searje oer twa froulju dy't in oplieding dien ha om wer oan it wurk te kinnen sjogge wat sjen komt by it skriuwen op in fakatuere. En der is in reportaazje en in petear oer it azc yn Dokkum, dêr wenje 500 asylsikers en se wolle graach oan it wurk, mar dat mei net.

PETEAR_RIEKLANDMAN

It Petear: Riek Landman

07 Novimber 1995

Skriuwster Riek Landman praat oan tafel by Bouke Oldenhof oer har wurk, har ferline en har persoan. Yn 1995 wie se de bêst ferkeapjende auteur by de sutelaksje fan Fryske boeken, mar earder wie se aktrise by ferneamde toanielselskippen.

LTV-Generaasjes-4-Mindert-en-BabsWijnstra

Generaasjes 4: Mindert en Babs Wijnstra

28 Maaie 2006

Mindert Wijnstra is ûnderwizer, berneboekeskriuwer en ferhaleferteller. Syn dochter Babs is yllustratrise en makket ek wurk foar de boeken fan har heit. Se die de keunstakademy en makket ek ferhalen en tekeningen foar it skoaltelefyzjeprogramma It Boskwyfke. Se komme fan Warns, flakby de Iselmarkust dy't beide ynspiraasje jout. We sjogge Mindert as ferhaleferteller yn aksje en Babs achter de tekentafel. Om't Mindert oan in ienmansskoalle stiet, hat er syn dochter seis jier lang yn de klasse hân. Se fertelle oer har gearwurking en de humor yn it wurk.