Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wurktiid TV: Sosjale wurkfoarsjenning Woudengroep yn Drachten

Wurktiid TV: Sosjale wurkfoarsjenning Woudengroep yn Drachten

29 Jannewaris 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer de krekt ynfierde wurkwike fan 36 oeren by de sosjale wurkpleatsen. We sjogge by Woudengroep yn Drachten dêr't ûnder oare listen makke wurde. By muzykútjouwerij De Haske op It Hearrenfean sykje se trije nije meiwurkers en twa minsken dogge in oprop foar wurk op it arbeidsburo op It Hearrenfean. En Helena fan bakkerij Kuiper yn Snits is bêste kollega fan de wike.

LTV_Fryslan-Wetterlan-diel1_WR

Fryslân Wetterlân (diel 1)

18 Juny 2006

Foar Fryslân Wetterlân ha twa jonge filmmaksters yn gearwurking mei IdtV en Omrop Fryslân Fryske filmkes makke mei wetter as tema. De film 'elke dei wer' fan Leo Wentink giet oer Klaas dy't alle dagen by it Reaklif yn de Iselmar swimt, al 18 jier lang. Syn trije hûnen gean mei en stean trou op wacht as er swimt. We sjogge de film en as yntroduksje fertelt Leo oer har idee en we sjogge by de opnames. Foar de film 'fier en fierder' makke Anneloor van Heemstra in portret fan de twilling Oane en Ysbrand Galama.

CAMPING_4_WR

In dei op de camping 4: Het Wad yn Breesândyk

13 Augustus 1997

Sfearympresje fan de camping en syn gasten. Dizze camping oan de Iselmar ken eins inkeld fêste gasten mei in steancaravan. De plakken hawwe gjin stroom en wetter, de gasten meie der graach fiskje. Foar in boadskipke moatte se nei it pompstasjon oan de grutte dyk.