Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_De-Wieringermar-under-wetter_WR

De Wieringermar ûnder wetter

04 Maaie 2008

Op 17 april 1945 waard yn opdracht fan de Dútsers de dyk om de Wieringermarpolder hinne trochstutsen en oerstreamden alle lân en pleatsen fan de polder dy't yn 1930 yn kultuer brocht wie. Trije mannen sjogge werom op dy tiid: Sytze Faber, Tjeerd Veenstra en Broer Holtrop. De skiednis fan de polder, de oerstreaming en de weropbou komt oan bod mei argyfbyld ek.

Fryslân Dwerstroch 0101: Fan it Waad ôf

Fryslân Dwerstroch 0101: Fan it Waad ôf

23 Augustus 1996

Fryslân Dwerstroch is in programma fan skoaltelefyzje. Karin de Jong rint dwerstroch de provinsje, fan noardeast nei súdwest. Yn diel ien begjint se op it Waad en fertelt se oer eb en floed, de fûgels, seehûnen en skulpen. Dan giet se fierder oer de seedyk dêr't skiep rinne. Se praat mei ien dy't skieppetsiis makket. Fierder op har tocht sjocht se terpen en sjocht se by in mûnder.

LTV_DE_TIID_HALDT_GJIN_SKOFT_2B.mxf

Selskip Tetman de Vries: De tiid hâldt gjin skoft (diel 2)

30 Jannewaris 1994

Programma oer it revu- en kabaretselskip Tetman de Vries. Tsjip, Anne en Tsjikke (broer en susters) en de dochters fan Tetman, Leny Dijkstra en Anneke de Vries, fertelle oer har oantinkens. Nei it sukses fan de foarstelling 'De tiid hâldt gjin skoft' (skreaun yn 1944) fierde it selskip nei de oarloch noch mear triomfen, ek bûten Fryslân by de Fryske kriten en mei Hollânske oersettingen. De earste foarstelling nei de befrijing wie spesjaal foar leden fan de Binnenlandse Strijdkrachten yn De Harmonie yn Ljouwert.