Selskip Tetman de Vries: De tiid hâldt gjin skoft (diel 2)

30 Jannewaris 1994

Programma oer it revu- en kabaretselskip Tetman de Vries. Tsjip, Anne en Tsjikke (broer en susters) en de dochters fan Tetman, Leny Dijkstra en Anneke de Vries, fertelle oer har oantinkens. Nei it sukses fan de foarstelling 'De tiid hâldt gjin skoft' (skreaun yn 1944) fierde it selskip nei de oarloch noch mear triomfen, ek bûten Fryslân by de Fryske kriten en mei Hollânske oersettingen. De earste foarstelling nei de befrijing wie spesjaal foar leden fan de Binnenlandse Strijdkrachten yn De Harmonie yn Ljouwert. It selskip, besteande út fjouwer jonges en twa famkes út ien húshâlding, waard in beropsselskip. Letter kamen der ek oaren by, en spile Tetman mei frou en dochters en makke Abe Gerlsma de dekôrs. It 20-jierrich jubileum waard fierd yn Theater Bellevue yn Amsterdam. Tetman waard altyd wer ferbûn oan syn stik De tiid, mar sels woe er fierder. Auke Hettema makke in stânbyld fan Tetman foar yn De Harmonie. Guon lieten út de foarstelling wurde opnij útfierd troch ûnder oare Rients Gratama en Leny Dijkstra.