Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

ABD-sjoo 0202

ABD-sjoo 0202

22 Oktober 2002

De ABD-sjoo is in kwisprogramma foar basisskoallen presintearre troch Jan Arendz. Yn dizze ôflevering fan de ABD-sjoo binne mar leafst trije skoallen te gast. Dit binne: De Brêge fan it Heidenskip, Us Nije Gea fan Ealahuzen en de Slotskoalle fan Sint Anne. Fierder komme der echte slidehûnen nei de studio ta.

PETEAR_GRIETINEMOLENBUUR

It Petear: Grietine Molenbuur

07 Juny 1994

Grietine Molenbuur, oprjochter en artistyk lieder fan dûnsgroep Duende, skoot oan by Bouke Oldenhof.

LTV

Koos Dalstra yn Nice

14 Septimber 2003

We folgje Frysk dichter en keunstner yn syn ferbliuw yn Nice, Frankryk. Syn heit wie frankofyl en bruts in stientsje út in koarstoel út de katedraal fan Blois, doe't er dêr yn de oarloch oan it wurk wie. Dat sûvenir bringt Dalstra nei Frankryk, om net inkeld in fysike reis te meitsjen, mar ek in geastlike reis. We folgje him yn syn libben, by de haven, troch de stêd, yn it museum en by it talefestival. Syn plan is om in boek te meitsjen.