De lêste blauwe striders

21 Desimber 2003

Yn de 20ste iuw wienen in soad minsken lid fan de drankbestriding, ien fan de oarsaken fan earmoede ûnder arbeiders. De ANDO (Algemene Nederlandse Drankbestrijders Organisatie) bestiet noch altyd en jout û.o. foarljochting. We hearre wat oer de skiednis, it read-blauwe Reduzum dat mei dûmny Boers in strider tsjin drank hie. De Blauwe Tinte is dêr noch in foarbyld fan. We sjogge by Us Blau Hiem, in akkommodaasje en camping dêr't gjin alkohol skonken wurdt. Dêr wienen op Himelfeartsdei optochten dêr't ôfdielingen mei findels yn meirûnen. Yn de rin fan de jierren is it wol wat feroare mar noch altyd binne der ferieningen dy't wize op de gefaren fan alkohol, al is dat net mear 'geheelonthouding'.