Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV: Aaisykje + neisoarch

LTV: Aaisykje + neisoarch

13 April 1997

Yn de dokumintêre ‘Aaisykjen en neisoarch’ gean jo it fjild yn mei in aaisikersklub, dêrneist fertelt boer Theun Talsma hoe't er buorket mei greidefûgels op Skiermûntseag en dr. Henny van der Windt sjocht nei de situaasje fan neisoarch bûten Fryslân.

LTV_DICHTERS

Fryske dichters om utens

11 Desimber 1994

Yn dit programma komme trije Fryske dichters om utens oan it wurd, se prate oer it Frysk, oer har wurk en wat har dwaande hâldt. Cor van der Wal komt fan Ljouwert en wennet yn Grins, foar syn bondel út 1991 krige er de debutantepriis. Hy skriuwt benammen nachts, is ynteressearre yn astrology en mei graach yn it kafee sitte. Feyo Schelto baron Sixma van Heemstra wennet yn Loosduinen by Den Haag, it Frysk hat er fan hûs meikrigen. Hy wie inisjatyfnimmer fan Operaasje Fers en wurke by tydskrift Quatrebras. Syn roman 'Leafdedea' út 1963 publisearre er ûnder pseudonym Homme Eernstma.

LTV: Piloaten yn 'e Gaastmar

LTV: Piloaten yn 'e Gaastmar

23 Maaie 1995

Hûnderten alliearde fleantugen stoarten yn de Twadde Wrâldoarloch del yn de Iselmar. Yn de nacht fan 14 op 15 oktober 1944 ferûngelokte in Halifax-bommewerper by Starum. Fiif fan de seis bemanningsleden berikten de kust en bleaune oant de befrijing yn april 1945 yn De Gaastmar.