Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Geert! S02E08: Raerd

Geert! S02E08: Raerd

04 Maaie 2004

Geert van Tuinen is yn it doarpshûs fan Raerd, Hy praat dêr û.o. mei Jan van Erp en Nienke Hainja oer de Slachte. Fierder hat er it oer trikes, mei Andela Boorsma en Lieuwe Koldijk praat er oer in film en mei Jan Zantema hat er it oer it opknapte doarpshûs. De live-muzyk komt fan Kammeraerd.

Van Tuinen Thús by Anke Oosterbaan

Van Tuinen Thús by Anke Oosterbaan

29 Juny 2005

Thús by Anke Oosterbaan yn Arum, in soad yn it nijs fanwege de affêre oangeande it Frysk Hynstestamboek.

Linkk Ekstra: Midsiuwen 3

Linkk Ekstra: Midsiuwen 3

28 Jannewaris 2005

Yn dizze Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, diel trije oer de Midsiuwen. Jildou de Vries dûkt yn de skiednis fan Fryslân, oer de tiid tusken 500 en 1500. Se fertelt oer figueren dy't fan ynfloed west ha yn de Midsiuwen, lykas Grutte Pier en Bonifatius. Se fertelt oer de striid dy't der wie tusken de Skieringers en de Fetkeapers en oer de stinzen.