Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LINKK 07: De Ferkenning

LINKK 07: De Ferkenning

20 April 2001

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer de ferkenning. We sjogge by in fjoertoerwachter en in boskwachter en learlingen fan it Dockinga kolleezje fertelle oer har ferkenning fan de leafde.

Hjoed: stasjon Jellum-Boksum foar ien kear wer brûkt

Hjoed: stasjon Jellum-Boksum foar ien kear wer brûkt

03 Juny 1994

Al sûnt 1955 stoppet der gjin trein mear op stasjon Jellum-Boksum. Der is sels neat mear wat oan in stasjon tinken docht. Mar fan 'e moarn wie dat oars. Njoggen oere stienen der op it plak fan it eardere stasjon 38 skoalbern te wachtsjen op de trein dy´t har nei Starum bringe soe. Foar ien kear, yn ferbân mei it skoallereiske.

ABD-sjoo 0401

ABD-sjoo 0401

16 Septimber 2004

Yn de earste ôflevering fan it fjirde seizoen ABD-sjoo (skoaljier 2004/2005) nimme de basisskoallen Zuiderveldskoalle fan De Jouwer en De Lichtbron út Bûtenpost it tsjin inoar op. Yn de filmkes sjogge we by it wurk fan de diere-ambulânse, de technyske resjerzje en in biste-preparateur. Te gast is Mariska de Boer mei in koperen earizer. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).