Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0505

Sybe Satellyt 0505

17 Jannewaris 1995

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Yn dizze ôflevering sjogge we hoe't noaren makke wurde by in fabryk yn Weesp. Sybe praat mei reedrydfabrikant Henk Vos en reedrider Rintje Ritsma. Sake Roodbergen stiet op it brechje yn Bartlehiem en praat oer fûgels yn wintertiid.

Boppedat: majoar Marijke Waalkens

Boppedat: majoar Marijke Waalkens

03 July 1998

Yn Boppedat praat Simone Scheffer mei majoar Marijke Waalkens fan de fleanbasis. Se giet nei 33 jier by definsje wurke te hawwen mei pinsjoen.

LTV_AMBASSADEUR_TWADDEKEAMERLID_WEROMROP

Ambassadeur foar Fryslân: Twadde Keamerlid Annemarie Jorritsma

04 Febrewaris 1990

Wat docht Den Haag foar Fryslân? Yn dit portret sjogge we wat it VVD-Twadde Keamerlid Annemarie Jorritsma docht. Se is mei in tal oare keamerleden, Klaas Tuinstra ( CDA) en Joop van den Berg (PvdA) by in diskusje foarôfgeand oan de betinking fan de Slach by Warns. We folgje har yn har wurk yn Den Haag, by in fraksjegearkomste en sjogge yn de flat dêr't se troch de wike wennet. Ek sjogge we har op besite by in gearkomste yn Dokkum foar froulju.