Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

BS_010299_WR

Boppeslach: Hurdegaryp - Warkum 1999

30 Jannewaris 1999

Op 30 jannewaris 1999 waard de fuotbalwedstryd Hurdegaryp - Warkum spile; in topper yn de twadde klasse. Hurdegaryp wie de grutste koprinner, mar Warkum makke de kâns om de topposysje oer te nimmen net wier: it waard 6-1.

Fryslân Dwerstroch 0104: Greidhoeke

Fryslân Dwerstroch 0104: Greidhoeke

14 Maart 1997

Fryslân Dwerstroch is in programma fan skoaltelefyzje. Karin de Jong rint dwerstroch de provinsje, fan noardeast nei súdwest. Yn diel fjouwer rint se troch de Greidhoeke. Dêr binne in soad boeren mei kij. Se fertelt oer it boerebedriuw, dat boeren (keunst)dong oer it lân struie, gers meane en se leit út wat kuil is. Ek sjogge we by it melken en hoe't tsiis makke wurdt yn it fabryk. En Fryske hynders en aaisykje komme ek oan de oarder.

Sybe Satellyt 0303

Sybe Satellyt 0303

10 Novimber 1992

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Sybe fynt út hoe't molke yn fabriken ferwurke wurdt ta ûnder oaren tsiis. Hy sjocht by it fabryk yn Warkum. De bern fan de kristlike basisskoalle De Regenboog yn Wikel ha in fervekakker makke. En wat sit der yn de braakballen fan in ûle? Johan Fokkema fan it Natuermuseum jout útlis. En Cees Ras fertelt oer sike beammen troch soere rein.