Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

HEA_290805

Hea! De fynsten fan de stedswacht en in samler fan filmapparatuer

29 Augustus 2005

Yn ien fan de âldste útstjoeringen fan Hea! sjogge we yn de âlde bankklûs dêr't de gemeente Ljouwert har 'gevonden voorwerpen' bewarret. Yn de rubyk sûvenir giet it oer it bysûndere wetter dat Irene Overduin fan fakânsje meinaam foar har soan Tom. En Erik Snel sammelet filmapparatuer.

Fan fan: Wim de Ron

Fan fan: Wim de Ron

27 July 1998

Yn de rubryk 'Fan fan' yn it sportprogramma Boppeslach wurdt Wim de Ron it himd fan it liif frege troch Erik de Vries (12 jier) út Gytsjerk. Hy moetet de keepertrainer fan SC Cambuur yn it stadion yn Ljouwert.

LTV_OTTER_KOMT_WEROM_180201_WR

De otter komt werom

18 Febrewaris 2001

Yn 1988 ferdwûn de otter yn Fryslân en mei in yntinsyf werstelplan wurdt besocht it bist werom te krijen. Belutsen partijen lykas It Fryske Gea fertelle oer wat der allegear oan foarôfgien is, om it leefgebiet foar de otter better te meitsjen. Yn de Alde Feanen is lân ûnder wetter set en der binne passaazjes oanlein by de dyk. De otters krije in stjoerder mei sa't se folge wurde kinne. Yn otterpark Aqualutra sjogge we by de otters.