Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Geert! S02: Kompilaasje

Geert! S02: Kompilaasje

11 Maaie 2004

Yn dizze ôflevering sjocht Geert van Tuinen werom op de meast nijsgjirrige petearen dy't er hie op tal fan plakken dêr't er mei it programma delkaam. Yn De Tynje wie dat mei Jan Overwijk, yn Arum mei seis amazônes, yn Seisbierrum mei Auke Swart, yn Aldeberkeap mei Gerrit Hof, yn Koudum mei Sake de Boer, yn Top& Twel moast er greauwen priuwe, yn Wâlterswâld prate Geert mei Jaap Bouma en as lêste in petear mei Rients Bijlsma yn Raerd.

180717_SADWAANDE_OER_ISELMAR_24_05_2000.mp4

Sadwaande: Iselmar

24 Maaie 2000

Dizze Sadwaande giet oer de Iselmar. It wetter is fan belang foar de wetterstân yn de provinsje, dêrom wurdt de kwaliteit metten. We sjogge by dat wurk fan Wetterskip Fryslân. We binne mei te farren op in ielfiskersskip en we sjogge mei in boskwachter by in bysûnder natuergebiet by de Iselmar. En prinses op learzens soarget foar in riedsel, swimt der no in haai?

LTV_MINSKELIBBEN_2_LUCAS_BOGTSTRA_240199_WR

In Minskelibben: Lucas Bogtstra

24 Jannewaris 1999

Gryt van Duinen praat mei húsdokter Lucas Bogtstra. Hy begûn yn 1964 yn Wommels. Hy fertelt oer de feroaringen yn syn wurk, dat pasjinten mûniger waarden en dat er in assistinte yn de praktyk kaam en in wyksuster.