Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Fytsalvestêdetocht 1996

Fytsalvestêdetocht 1996

28 Maaie 1996

Tradisjoneel ride tûzenen fytsers op Pinkstermoandei de Fytsalvestêdetocht. De edysje fan 1996.

Under Fjoer 0302 Carel ter Linden

Under Fjoer 0302 Carel ter Linden

22 Septimber 2004

Dûmny Carel ter Linden, dy't bekend wurden is as "huisdominee" fan it Keninklik Hûs, mar ek as opinylieder yn de Protestantse Kerk Nederland, dêr't hy de frijsinnige kant yn fertsjinwurdiget.

De Nije Skoalle 3: MAVO, HAVO, Atheneum

De Nije Skoalle 3: MAVO, HAVO, Atheneum

14 Jannewaris 1988

De Nije Skoalle is in rige út 1988 oer de kar fan in ferfolchoplieding nei de basisskoalle. De tredde útstjoering giet oer de MAVO, HAVO en Atheneum. Nei de brêgeklassen of middenskoalle moatte de bern in kar meitsje foar de MAVO, HAVO of it Atheneum. Wat dizze opliedingen krekt ynhâlde wurdt útlein troch in tal fan saakkundigen op dit gebiet.