Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

It Fryske Lânskip 4: Puollen en marren

It Fryske Lânskip 4: Puollen en marren

03 Febrewaris 1987

Yn de fjirde útstjoering fan ‘It Fryske Lânskip’ hat Leny de Vries it oer de puollen en marren fan Fryslân. Freark Smink fertelt oer it lege midden fan de provinsje.

It Wetter Op 3: Starum-Enkhuzen

It Wetter Op 3: Starum-Enkhuzen

21 July 1999

Ferslachjouwer Albert Jensma en kameraman Gerko Jonker meitsje mei de boat de oerstek fan Starum nei Enkhuzen en prate mei ferskate passazjiers, steward Henk van Dokkum en kapitein Martin Kranendonk. Jierliks set de boat sa'n 140.000 minsken en 60.000 fytsen oer. De earste farferbining wie yn 1886. Op it hichtepunt makken 400.000 minsken yn it jier gebrûk fan de ferbining oer de Iselmar. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.

De Nije Skoalle 8: Sosjale tsjinst en sosjale wetjouwing

De Nije Skoalle 8: Sosjale tsjinst en sosjale wetjouwing

25 Febrewaris 1988

De Nije Skoalle is in rige út 1988 oer de kar fan in ferfolchoplieding nei de basisskoalle. De lêste útstjoering giet oer sosjale tsjinst en wetjouwing. Yn de jierren tachtich sieten in soad jongeren sûnder wurk. Sy hiene dan de kar om in útkearing oan te freegjen. Yn dizze útstjoering de stichting BLUT (Bond Leeuwarder Uitkering Trekkers) en de adjunkt-direkteur fan de sosjale tsjinst Ljouwert.