Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Tet fan it stoart 2: Stroom

Tet fan it stoart 2: Stroom

24 Novimber 1998

Tet fan it stoart is in programma fan skoaltelefyzje. Presintatrise Maaike Schuurmans ûndersiket hoe't stroom wurket en sjocht by in wynturbine, houtseachmûne yn Drylts en by de wettersuvering.

Skriuwers yn byld diel 3: De Halbertsmas

Skriuwers yn byld diel 3: De Halbertsmas

17 Maart 1988

Joast, Eeltsje en Tjalling Halbertsma út Grou betsjutten in soad foar de Fryske literatuer yn de 19e iuw. De bruorren Halbertsma brochten it folksboek Rimen en Teltsjes út, dy’t fol stie mei ferhalen en ferskes út dy tiid. Yn dizze tredde útstjoering fan 'Skriuwers yn byld' krije jo yn yndruk fan it libben fan de trije bruorren.

LTV_30_MINUTEN_ARZJITEKTUER

30 Minuten arsjitektuer: petear tusken Abe Bonnema en Peter Karstkarel

04 Desimber 1994

Petear tusken arsjitekt Abe Bonnema en arsjitektuerhistoarikus Peter Karstkarel. In petear fan bouwer versus kritikus. Se prate ûnder oare oer hoe't de stêd Ljouwert derútsjen moat, de maat en ferhâlding fan gebouwen, misbaksels en it fenomeen boerderette.