Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_AAISYKJE_EN_NEISOARCH_130497_WR

Aaisykje en neisoarch

13 April 1997

We sjogge by ferskate minsken dy't har dwaande hâlde mei de tradysje fan it aaisykjen en de neisoarch, it beskermjen fan de nêsten fan de greidefûgels. Leden fan de aaisikersklup d'âld Hij út Dearsum gean op 'en paad, mei pols en pet. We sjogge wat in boer en natuerleafhawwer op Skiermûntseach docht oan neisoarch en we hearre by de universiteit yn Grins nei ûndersyk op it mêd fan greidefûgelbeskerming.

LTV_30_MINUTEN_LANBOU

30 Minuten lânbou: petear tusken Pé Miedema en Durk van der Schaaf

10 Oktober 1994

Yn dit programma prate Pé Miedema en Durk van der Schaaf oer de takomst fan de lânbou, prizen en meganisaasje. Miedema is boerebestjoerder, foarsitter fan CBTB Fryslân, lanlik foarsitter fan melkfeehâlderij en aktyf by it CDA. Van der Schaaf is bio-bouboer, foarsitter fan ekologyske lânbou, aktyf by Sûne Grûn en de FNP.

It Wetter Op 1: Tsjûkemar

It Wetter Op 1: Tsjûkemar

19 July 1999

Ferslachjouwer Albert Jensma en kameraman Gerko Jonker binne op de Tsjûkemar, de grutste mar fan Fryslân, Se prate mei Cees Griffioen, finansjeel topman by KPN en beropsfisker Eppie Visser oer de gefaren fan de mar. Griffioen hat tsientallen minsken rêden fan de ferdrinkingsdea en Visser wol mei (tonger)buien net op de mar wêze. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.