Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

No Wy: scouting

No Wy: scouting

02 Novimber 2000

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering meitsje de jongeren fan scouting Jambowa út Boalsert in telefyzje-útstjoering mei nijs, waar en reklame. Of eins is it in persiflaazje dêrop. Ien fan de nijsitems is de ferhuzing fan de scouting nei in nij te bouwen kluphûs.

De Nije Skoalle 8: Sosjale tsjinst en sosjale wetjouwing

De Nije Skoalle 8: Sosjale tsjinst en sosjale wetjouwing

25 Febrewaris 1988

De Nije Skoalle is in rige út 1988 oer de kar fan in ferfolchoplieding nei de basisskoalle. De lêste útstjoering giet oer sosjale tsjinst en wetjouwing. Yn de jierren tachtich sieten in soad jongeren sûnder wurk. Sy hiene dan de kar om in útkearing oan te freegjen. Yn dizze útstjoering de stichting BLUT (Bond Leeuwarder Uitkering Trekkers) en de adjunkt-direkteur fan de sosjale tsjinst Ljouwert.

Tritigers 0106: Skulden

Tritigers 0106: Skulden

10 Desimber 2002

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Jantien de Boer, Kees, Bote, Bert, Lucy, Agnes Sambrink en Iqbal dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it sechsde diel giet it oer skulden. Ger Jaarsma fan de Kredytbank leit út hoe't it komt dat safolle tritigers skulden ha.