Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wyn op Woansdei: Krysttiid

Wyn op Woansdei: Krysttiid

22 Desimber 2004

Oan de hân fan de tema’s út it echte krystferhaal gie Wyn op Woansdei op syk nei sân persoanlike krystferhalen. Sjoch yn dizze fideo nei: de stjerren, de ingelen, de herder, it ljocht, de Maria’s, it offer en de stal.

Fryslan yn de Tritiger jierren diel 4: Oanlis Ofslútdyk

Fryslan yn de Tritiger jierren 4: Oanlis Ofslútdyk

11 Novimber 1989

It programma ‘Fryslân yn de tritiger jierren’ jout mear ynsicht yn krisistiid fan de jierren tritich. De fjirde útstjoering giet oer in projekt mei histoaryske betsjutting: de oanlis fan de ôfslútdyk.

No Wy: OSG Sevenwolden

No Wy: OSG Sevenwolden

25 Juny 1998

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering meitsje learlingen fan OSG Sevenwolden op It Hearrenfean in programma 'Stilstean of trochgean' oer jeugkriminaliteit, fandalisme en softdrugs. Se prate mei minsken fan de Raad voor de Kinderbescherming, Justysje, GGZ Friesland en hâlde strjitynterviews mei jongerein.