Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

7de klasse A 10: Dokkum - Dokkum

7de klasse A 10: Dokkum - Dokkum

25 Novimber 2002

Yn de rige '7de klasse A' folget Boppeslach de leechste amateurklasse fan it fuotbaljende Fryslân. Dokkum vs Dokkum (2e klasser B-Quikck) yn bekerfinale .

Friezen om utens yn Australië

Friezen om utens yn Australië

16 Febrewaris 2003

Foar it programma ‘Oan ‘e oare kant’ wurde twa Friezen dy’t yn Australië binne opsocht. Esther Kielstra út Gerdyk is oan it backpacken troch it lân en Wabe Roskam fan Parregea wennet no yn Australië en is haadredakteur fan Dutch Weekly.

Wyn op Woansdei: Treast yn Namibië

Wyn op Woansdei: Treast yn Namibië

17 Novimber 2004

Programmamakker Annet Huisman is by de foarstelling fan 4de-jiers dramastudinten fan ROC Friese Poort. 'Treast yn Namibië' is de namme fan har wurkprojekt yn Afrika. Twa wiken wiene de Fryske studinten yn Gobabis om les te jaan oan bern yn de township yn de stêd yn de Kalahari-woastyn. De bern in moaie tiid besoargje, dat is it doel. Slagget it harren om kontakt te meitsjen en les te jaan?