Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0409

Sybe Satellyt 0409

17 Maaie 1994

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy sjocht by de repetysjes foar de berne-opera Amalia, krijt útlein hoe't der eartiids en no jarre wurdt en hy sjocht by it Fries Natuurmuseum, dêr't in útstalling oer poep is. En Sake Roodbergen fertelt wat oer de hynsteblom.

Spegels: Frozenland diel 1

Spegels: Frozenland diel 1

04 Septimber 1998

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Dizze útstjoering is it earste diel fan in twalûk oer it muzykfestifal Frozenland op 'e Griene Stjer. Mei ûnder oare it Frysk jeugdorkest en Reboelje.

Om Utens: Pia Dijkstra

Om Utens: Pia Dijkstra

22 Oktober 1998

Yn it programma Om Utens wurde bekende Friezen portrettearre dy’t bûten Fryslân wenje en wurkje. Dizze útstjoering giet oer Pia Dijkstra út Snits. De sjoernalist, programmamakker en presintatrise is al fan har njoggentjinde ôf om utens.