Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sjoch Mar: Dragrace

Sjoch Mar: Dragrace

06 July 1998

Arjen de Boer sjocht by de dragrace yn Harns, dêr't rappe auto's, motoaren en mear sa gau as mooglik oer in stik asfalt fan 200 meter ride sille.

Wurktiid TV: Fearboat nei Skylge

Wurktiid TV: Fearboat nei Skylge

30 April 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer it wurk op de fearboat nei Skylge. Bêste kollega is boufakker Sake Elzinga. En der is wer in oprop foar wurk. En in fersekeringskantoar yn Surhústerfean kin nije minsken brûke.

Sjoch Mar: Frysk kampioenskip golf

Sjoch Mar: Frysk kampioenskip golf

22 Septimber 1997

Arjen de Boer sjocht by it Frysk kampioenskip golf yn Sint-Nyk. Om't er de spilers by de wedstriid net steure mei, rydt Arjen yn in golfkarke oer de 'green' en praat er dochs mei in pear golfspilers en in skiedsrjochter, ûnder oare oer it 'putten'.