Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Rondo Musica 5: Snaren

Rondo Musica 5: Snaren

20 Febrewaris 2001

Yn Rondo Mmusica, in programma fan skoaltelefyzje, fertelt Tamara Schoppert oer muzyk. Yn it fyfde programma giet it oer snaarynstruminten. Gitarist Rik Meyer leit it ferskil tusken in akoestyske en elektryske gitaar út. We sjogge by in gitaarles fan Roel Slofstra, gitaarbouwer Wim Heins, harpiste Karin Wark en luitspiler Lex van Sante.

180716_SADWAANDE_OER_FRYSKE_ADEL_26_04_2000.mp4

Sadwaande: Adel

26 April 2000

Dizze Sadwaande giet oer Fryske adel. We sjogge thús by Tjalling van Eysinga en syn frou Antoinette van Eysinga-van Nievelt yn Sint-Nyk. Ek al binne se fan adel, se binne hiel gewoan. We sjogge ek by it lân, der binne rekreaasjewenten en in golfbaan en by Boschoord. Histoarikus Yme Kuiper fertelt oer De Klinze, en de eardere bewenner Hobbe Baerdt van Sminia. En we sjogge by Schatzenburg yn Dronryp, dêr fertelt jonker W.F.G.L. van Beyma ûnder oare oer de restauraasje. Ta beslút wurdt útlein wat der te sjen is op famyljewapens. En prinses op learzens wol ek blau bloed.

OEROL_1999_REPO

Reportaazjes Oerol 1999

10 Juny 1999

Reportaazjes út de programma's Hjoed en Boppedat oer it festival Oerol 1999 op Skylge. 10/6: Oerol-besikers soene foar 10 oant 15 persint fan de omset fan de toeriste-yndustry op Skylge soargje. 12/6: Lyryske reaksjes op it iepeningsstik Peer Gynt troch Tryater. 17/6: Schuurtjestheater mei Kris Niklison. 30/6: Krityk op lokaasjeteater fanwege de skea oan de natuer.