Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sadwaande: IT-ers, guozzen en belizze

Sadwaande: IT-ers, guozzen en belizze

26 Novimber 1997

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekomony en bedriuwen. Nije fakatueres, ûndernimmers fan it jier en wa is de bêste kollega, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear: IT-ers, guozzen en belizze.

LTV_SASEACH_1_JOHAN_VAN_DER_ZEE

Sa seach ik Fryslân 1: Johan van der Zee

16 Maaie 1993

Rige programma's dêr't Geart de Vries mei Fryske filmmakkers praat en hoe't sy Fryslân sjogge. Yn diel ien praat er mei programmamakker Johan van der Zee oer syn reportaazjes dy't er oer Fryslân makke foar it telefyzjeprogramma Van gewest tot gewest. Syn earste ûnderwerp wie it muzykkorps fan De Harkema, de amateurs spilen op it Holland festival.

LTV_Douwe-Heeringa-yn-Parys_WR

Douwe Heeringa à Paris

08 Maart 2007

We folgje sjonger Douwe Heeringa yn Parys dêr't er optrede sil by de gelegenheid fan it 50-jierrich bestean fan it Institut Neérlandais. Hy sjongt lieten fan Jaques Brel, yn it Frânsk en yn it Frysk. En hy fertelt oer syn libben, syn relaasje ta it sjongen en syn hobby (geurkes keapje by Chanel). Mei bylden fan de stêd Parys.