Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

SADWAANDE_171001_GERS

Sadwaande: Gers

17 Oktober 2001

Dizze Sadwaande giet oer gers. Der binne wol fyftich soarten gers yn Fryslân. We sjogge mei ekolooch Eddy Wymenga by de soarten yn it lânskip, by in feehâlder yn Aldeberkeap hoe't er soarten gers groeie lit dat goed foar de kij is. Ek sjogge we by in gersdrûgerij yn Loaiïngea. Floris hat in kwis mei siswizen.

Baas Boppe Baas 0109: Spermadonor

Baas Boppe Baas 0109: Spermadonor

01 Jannewaris 2002

Nei't de freondinne fan Afke de famylje Baas moetet, tinkt Afke hieltyd faker oan it krijen fan bern. Mar der sil earst in spermadonor komme moatte...

Wyn op woansdei: Iel

Wyn op woansdei: Iel

16 Oktober 2002

Programmamakker Albert Jensma dûkt yn de wrâld fan de iel. Yn 'Hoera, de iel rint', docht er in speurtocht nei dat mysterieuze langwerpige lekkers, dat sûnt ferline jier op de reade list fan bedrige diersoarten stiet. De fraach is oft de leafhawwers fan rikke iel harren soargen meitsje moatte. Oan it Fryske kampioenskip ielrikjen diene dit jier mar leafst 79 hobby-rikkers mei en guon fan harren koene allinnich mar oan kweekiel komme. In reis by in stikmannich ielkenners del stimt Albert Jensma hoopfol foar de takomst.