Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_30_MINUTEN_LITERATUER

30 Minuten literatuer: petear tusken Trinus Riemersma en Willem Abma

15 Jannewaris 1995

Twa Fryske skriuwers binne mei elkoar yn petear oer de stân fan saken yn de Fryske literatuer. Trinus Riemersma debutearre yn 1964 mei 'Fabryk'. Hy krige dêr de Gysbert Japicxpriis foar en wie dêrmei de jongste Gysbert-winner. Oer syn roman 'Minskrotten-rotminsken' wie in soad opskuor. Syn masterwurk 'De reade bwarre' út 1992 skreau er yn syn eigen stavering. Willem Abma is ien fan de produktyfste skriuwers, hy publisearre earder ûnder de namme Daniël Daan.

No Wy: De anderen

No Wy: De anderen

10 Oktober 2000

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering stiet in toanielfoarstelling sintraal, De anderen. It is in stik yn regy fan Gooitsen Eenling spile troch learlingen fan de Friese Poort. It giet oer de Twadde Wrâldoarloch en geweld. Piet Bleeker filme de foarstelling en in besite oan konsintraasjekamp Dachau. Hy lit boppedat sjen dat geweld ek hjoed-de-dei foarkomt, bygelyks tsjin homo's yn de trein. Ek komt in oerlibjende oan it wurd, C.C. Steensma.

Wyn op Woansdei: Draafsintrum Wolvegea

Wyn op Woansdei: Draafsintrum Wolvegea

23 Novimber 2005

Programmamakker Albert Jensma sjocht by it draafsintrum yn Wolvegea. De hynstesport sit yn swier waar en it is ûnwis hoelang oft de baan bliuwt. Tjalko de Witte en Wiebe Hofstra ha as ynterim-bestjoer in plan foar rêding betocht: de koersen moatte op telefyzje komme. We sjogge by trainer/pikeur Cees Kamminga dy't goed 40 hynders traint. Ek komt besiker Ale Noppert oan it wurd dy't al 40 jier alle sneonen de koersen besiket en Sjoerdje Oosterbaan fan it wedkantoar leit it wedsysteem út.