Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LINKK 10: Fiksje

LINKK 10: Fiksje

21 Augustus 2001

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer fiksje, ferhalen. Oan it wurd komme de skriuwers Lida Dykstra en Eppie Dam. Durk Hibma fertelt oer de Sutelaksje en we sjogge achter de skermen by de Fryske dramasearje Baas Boppe Baas. En Doete Stenekes fertelt oer it foardragen.

LTV_SASEACH_9_JONNE_SEVERIJN

Sa seach ik Fryslân 9: Jonne Severijn

19 Juny 1994

Rige programma's dêr't Geart de Vries mei Fryske filmmakkers praat en hoe't sy Fryslân sjogge. Yn diel njoggen Jonne Severijn. Hy makke portretten fan keunstners en skriuwers foar it programma Beeldspraak fan de NOS. We sjogge fragminten fan 'Rob Nieuwenhuis en de schim van Piet Paaltjens' oer de dûmny/dichter Francois Haverschmidt (1976) en 'Jopie Huisman, hetgeen niet is kan niet geteld worden' oer de skilder (1979). Ek makke er in searje oer de feanterij 'Bruin Goud'. We sjogge by de opnamen dêrfan.