Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Hjoed: Hûneshow 28 maart 2005

Hjoed: Hûneshow 28 maart 2005

28 Maart 2005

De konkurrinsje tusken de ferskate hûneshows yn Nederlân wurdt te grut. Dêrtroch luts de ynternasjonale hûneshow yn Ljouwert wer minder hûnen as ferline jier. Sa stelt de organisaasje. Krapoan 2100 hûnen wiene der oanmeld, yn de heechtiidsdagen wiene dat der 500 mear. De ferskate hûneshows binne sa flak achterinoar pland dat minsken in kar meitsje moatte.

CAMPING_5_WR

In dei op de camping 5: It Weidumerhout yn Weidum

20 Augustus 1997

Sfearympresje fan de camping en de gasten. It Weidumerhout is in lytse camping oan de Swette en der binne in pear hotelkeamers en men kin der ite en op it terras sitte. De minsken komme foar de lytsskaligens.

Sjoch mar: Jiu Jitsu

Sjoch mar: Jiu Jitsu

14 Augustus 1997

Arjen de Boer knokt by de Jiu Jitsu feriening yn Ljouwert.