Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_Reve-yn-Fryslan-3-Bijna-gelukkig_WR

Reve yn Fryslân (diel 3): Bijna gelukkig

14 Jannewaris 2007

De skriuwer Gerard Reve wenne fan 1964 oant 1971 yn Greonterp. Hy skreau dêr it brieveboek Nader tot U, dat yn it Dútsk oerset waard en Reve bekearde him ta it roomsk-katolisisme. Roomsk geastlike Antoine Bodar is fan fan it wurk fan Reve. Hendrik Algra moast neat fan Reve hawwe om syn blasfemy en skriuwen oer homoseksualiteit. Dochter Hetty Runia-Algra fertelt deroer. Kunde sjogge werom op de tiid dat Reve yn Fryslân wenne en ek syn partners Willem van Albada (Teigetje) en Henk van Manen (Woelrat) komme oan it wurd.

It Fryslân fan Frans Bromet: Blau yn beweging

It Fryslân fan Frans Bromet: Blau yn beweging

15 Novimber 1998

Fiif filmmakkers binne frege om in dokumintêre te meitsjen oer de feroarings yn Fryslân. It idee is ynspirearre op it boek 'Hoe God verdween uit Jorwert' fan Geert Mak. Yn de dokumintêre 'Blau yn beweging' fan Frans Bromet folgje we de Fryske plysje. Bromet praat mei ferskillende minsken by de plysje, de meldkeamer, crimeteam, in pensjonearre plysjeman en hy giet mei de dyk op.

LTV_SASEACH_5_ANTON_STOELWINDER

Sa seach ik Fryslân 5: Anton Stoelwinder

20 Juny 1993

Rige programma's dêr't Geart de Vries mei Fryske filmmakkers praat en hoe't sy Fryslân sjogge. Yn diel fiif Anton Stoelwinder. Hy is beropsfilmer en makke benammen in soad promoasjefilms oer Fryslân, dy't yn it bûtenlân fertoand waarden. As jonkje op de legere skoalle makke er al syn earste spylfilm. De kombinaasje fan kreatyf wêzen en de technyske kant fan it filmjen sprekt him oan. Syn debút op lanlike telefyzje wie in filmke oer Boalsert foar it programma Zeskamp. Der binne ek bylden te sjen út films oer skûtsjesilen, blomkwekerijen en sûnenstsjinst foar dieren.