Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Fytsalvestêdetocht 2001

Fytsalvestêdetocht 2001

04 Juny 2001

Tradisjoneel ride tûzenen fytsers op Pinkstermoandei de Fytsalvestêdetocht. De edysje fan 2001 gie net troch fanwege de tongblierkrisis. Mar dochs fytse in tal minsken de tocht op eigen manneboet.

Linkk Ekstra: Wurkje yn Fryslân 1

Linkk Ekstra: Wurkje yn Fryslân 1

01 Febrewaris 2002

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, is diel ien fan in searje oer wurk. Jildou de Vries ûndersiket hoe't it wurk ferdield is yn de provinsje. Yn Ljouwert wurkje in hiel soad minsken op in lytse romte, wylst de lânbou in soad grûn ynnimt, mar yn dy sektor wurkje wol minder minsken. Se leit út dat der trije ferskillende sektoaren binne: lânbou, yndustry en tsjinstferliening. Se praat mei Skelte Brouwers fan de provinsje.

Geert! S02E6: Top & Twel

Geert! S02E6: Top & Twel

20 April 2004

Geert van Tuinen is yn it doarpshûs fan Toppenhuzen. Dêr moat er greauwen (kaantjes) priuwe. Wietske Wijnstra en Gerry Kuindersma fertelle oer dit gerjocht dat eins klearebare fet is. Geert praat ek mei sitfollybalster Alette Adema dy't nei de Paralympics sil en mei Martin Atsma en Doede Hofman, sy hearre by de klokopwiners. Fierder is der in reportaazje te sjen wêryn't Geert in besite bringt oan it orakel fan Toppenhuzen: Rintsje Lolkema. Op it plak dêr't earder de pleats stie, wennet er yn in steancaravan tusken in soad ôffal. De live-muzyk komt fan de band Related Stuff.