Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_WR_Sumati-Arya

Mear as ien libben: in portret fan Sumati Arya

06 Maart 2005

Sumati Arya is de boeddhistyske namme fan Maria Toren. Se siet 12 jier yn in kleaster yn Yndia en kaam fanwegen har sûnens werom nei Fryslân. Yn Ferwert hat se in eigen alter en libbet neffens it boeddhisme. Se fertelt oer har libben, har stúdzje (oan de Agogyske Akademy) en wurk (taalûntwikkeling) en de karren dy't se makke. Ek lit se de Stoepa yn Hantum sjen, de Tibetaansk boeddhistyske timpel.

180705_SADWAANDE_SINGLE_YN_FRYSLAN_13_01_1999.mp4

Sadwaande: Single

13 Jannewaris 1999

Dizze Sadwaande giet oer single-wêze. We prate mei Hillie Spinder, se wennet al njoggen jier allinne en mei Abeltje van den Akker dy't har man ferlern hat en yn Talmahiem yn Balk wennet. Beide froulju rêde har prima allinne. Hieltyd mear bedriuwen rjochtsje har op allinnichsteanden, mei lytse ferpakkingen yn de supermerk en bygelyks in kofjesetapparaat foar ien kopke. Ek de wenningboukorporaasje fernimt dat der mear ienpersoanshúshâldingen komme. En wat kin in relaasjebemiddelingsburo betsjutte?

Skriuwers yn byld: Rink van der Velde

Skriuwers yn byld: Rink van der Velde

21 Maaie 1987

Ynterview mei de Fryske skriuwer Rink van der Velde (1932-2001). De populêre skriuwer fertelt op it wetter by De Feanhoop oer syn ynspiraasje dy't er út de natuer en de minsken hellet. Hy fisket en jaget sels ek. Hy wurke as sjoernalist by de Leeuwarder Courant.