Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Fan fan: Hester Klompmaker

Fan fan: Hester Klompmaker

24 Augustus 1998

Yn de rubryk 'Fan fan' yn it sportprogramma Boppeslach wurdt Hester Klompmaker it himd fan it liif frege troch Marrit Veninga (8 jier) út Burgum. Se wol benammen alles oer it hynder History witte. Se moetsje elkoar yn de stâl by Hester Klompmaker.

LINKK 29: Puberje

LINKK 29: Puberje

14 Maaie 2004

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer puberjen. Wat feroaret der lichaamlik en geastlik ûnder ynfloed fan hormoanen? Jongeren sykje de grinzen op, binne brutaal en soms as se te fier gean, moatte se nei Bureau Halt foar in straf.

ABD-sjoo 0105

ABD-sjoo 0105

12 Febrewaris 2002

Yn de fyfde ôflevering fan it earste seizoen ABD-sjoo nimme de basisskoallen De Bining út De Trieme-Westergeast en de iepenbiere basisskoalle út Driezum it tsjin inoar op. It tema fan dizze ôflevering is fabriken en wurkpleatsen. We sjogge by sâltboarring, molkfabryk, tsiisfabryk, sûkerbitefabryk, meubelmakkerij, grafysk sintrum en printerij. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).