Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_ROMTE_FOAR_WETTER_FR_230203_WR

Romte foar wetter

23 Febrewaris 2003

Earder hie Fryslân wol 100 lytse wetterskippen, no binne der noch seis en it doel is dat der ien Wetterskip Fryslân komt. Klimaatferoaring, lânbou en natuerbehear spylje in rol by wetterbehear. Tefolle wetter yn sleatten en kanalen wurdt fia gemalen en slûzen ôffierd nei de see en oarsom wurdt ek wetter yn de boezem pompt. Ferskillende partijen komme oan it wurd, boer, natuerbehearder, bemealler, klimatolooch en wetterskipsbestjoerder. We sjogge by de lânbou, natuer, gemalen en slûzen.

SADWAANDE_230102_FUORTFANHUS

Sadwaande: Fuort fan hûs

23 Jannewaris 2002

Dizze Sadwaande giet oer fuort fan hûs. We sjogge by trije minsken dy't foar har wurk in skoft fan hûs binne, op see. Josje Cuperus is de helte fan de tiid allinne om't har freon op de grutte feart sit, wat docht dat mei har relaasje? Hoe sit dat by marine-offisier Melvin van der Leij en syn partner? En we sjogge by de jonge Onne Steneker, dy't op de seefeartskoalle sit, is hy ek ûnwennich?

Wurktiid TV: Bemiddeler

Wurktiid TV: Bemiddeler

07 Juny 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer it wurk fan de bemiddeler (yntersedint). Gerrit-Jan Walstra en Noël de Haan fan útstjoerburo Start lizze út wat se dogge om fakatueres op te foljen by ferskate bedriuwen. Se bringe besites oan bedriuwen. A. Boeyenga fan Poot Lichtenergie en bakker A. van der Molen meitsje gebrûk fan útstjoerkrêften en P. Cappendijck wurket as útstjoerkrêft. Beide partijen binne tefreden oer dizze konstruksje.