Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_MINSKELIBBEN_15_BEAREND_FRIDSMA_280500_WR

In Minskelibben: Bearend J. Fridsma

28 Maaie 2000

Geart de Vries praat mei Bearend J. Fridsma. As jonkje fan 6 jier is er mei syn famylje út Skearnegoutum nei Amearika emigrearre. Dêr hat er him ûntwikkele ta Frysk strider. Hy hie syn eigen krante 'Frisian News Items'. Dêrmei hâlde er de Fryske emigranten yn Amearika op 'e hichte fan wat him yn Fryslân ôfspile. Hy fertelt oer syn wurk en libben.

Baas Boppe Baas 0203: Moraalridders

Baas Boppe Baas 0203: Moraalridders

11 Novimber 2002

Dramasearje oer de famylje Baas mei Beant Baas, Joukje Baas, Sjoerd Baas, Talieta, Cynthia Baas, Afke Baas en Bennie. Hoe fier kinst gean, as it om leafde giet? Beant ûntdekt dat de troude barfrou tutet mei in oare man. Wat moat hy dwaan? 

180629_SADWAANDE_PTT_TELECOM_14_01_1998.mp4

Sadwaande: PTT, nierdialyze (diel 2) en olive-oalje

14 Jannewaris 1998

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. Nije fakatueres, ûndernimmers fan it jier en wa is de bêste kollega, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear: diel twa fan nierdialyze, nije saken by de PTT-telekom en de foardielen fan olive-oalje. Yme Feenstra is nierpasjint en moat trije kear wyks nei sikehûs MCL om te spielen. Syn frou Henni en bern Haaije en Sietske fertelle oer de sykte. By de PTT wurdt wurke oan wat nijs yn telekom, datst sjen kinst wa't dy bellet, nummerherkenning dus. En we leare wat oer etikette by it beljen.