Manager of komelker

31 Oktober 1999

Boeren stean foar in dilemma no't de molkprizen leger binne, se moatte mear melke mar de nije mestwet skriuwt krekt minder kij de hektare foar. Moatte se ynvestearje of goedkeaper produsearje? Yn dit programma sjogge we twa typen boeren: de manager en de komelker. Rinse Strikwerda hat goed buorke en wennet yn Switserlân. As hobby hat er in modern en effisjint melkfeebedriuw yn Wytmarsum mei 700 kij en de allernijste technyske helpmiddels. Rudie Abma hat mei syn frou Niesje 40 kij yn Nijhuzum. Hy hat net it nijste fan it nijste, de kij binne heal om heal bûten yn de saneamde iepenfrontstâl. Op in iepen dei by de proefbuorkerij yn Lelystêd binne beide type bedriuwen te sjen.