Lân fan Dream en Winsken: diel 4: Holland, Michigan
We folgje Hendrik Baron, Sippe Boonstra en Feije Hekstra dy't yn de steat Michigan wenje. Baron emigrearre yn 1948 nei Amearika, dêr't er heechlearaar Ingelske taal- en letterkunde waard. Hekstra makke yn 1952 de oerstek, hy hat no in grutte stâl mei Fryske hynders. Boonstra, oarspronklik fan Tsjummearum, hat in boekhannel. Alle trije fertelle se oer wat se berikt ha yn it libben, mar ek dat se eins nergens thús hearre, se tinke bot nei oer har identiteit. Mei Hendrik Baron en Feije Hekstra geane we ek werom nei harren berteplak yn Fryslân (De Pein en Damwâld). Op de toernee fan it Burgumer manljuskoar dogge se ek Holland yn Michigan oan.