Lân fan Dream en Winsken: diel 2, Orange City, Iowa
Ien fan de meast suksesfolle emigranten yn Amearika wie Andrew Vogel, dy't as Anne Vogel yn 1913 emigrearre út Berltsum wei nei de steat Iowa. Hy wie oprjochter fan Diamond Vogel Paints, ien fan de grutste fervekonserns yn it midwesten fan de Feriene Steaten. It is in famyljebedriuw dat grutsk is op de Fryske woartels. Op reis mei it Burgumer Manljuskoar troch Amearika, yn oktober 1999, makke Omrop Fryslan noch in ynterview mei de doe 103 jier âlde Vogel. Se sjonge it Frysk folksliet foar him. Hy ferstoar yn maart 2000.