Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Linkk Ekstra: My 'n soarch 3

Linkk Ekstra: My 'n soarch 3

23 Jannewaris 2004

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, is diel 3 fan de rige My 'n soarch. Dêryn binne 7 jongeren mei elkoar op fakânsje yn in kampearbuorkerij. Jaline, Marije, Baukje, Lydia, Arjen, Lourens en Pierre ha te krijen mei relaasjes. Pierre en Lydia ha it mei elkoar dien. Jildou de Vries fertelt oer relaasjes en Nynke Dölle fertelt oer seks by jongeren. Dan is de fakânsje dien en moatte de jongeren oprêde en ynpakke.

Linkk Ekstra: Do makkest teater 1

Linkk Ekstra: Do makkest teater 1

10 Jannewaris 2003

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, giet oer teater. Yn diel 1 sjocht Jildou de Vries by it wurk achter de skermen by in foarstelling of optreden. Se praat mei dekôrbouwer Anton Rolink, hy makket ûnder oare dekôrs foar ferskate programma's fan Omrop Fryslân. Ek sjocht se by De Lawei, dêr fertelt Henk Bergsma oer syn wurk as toanielmaster. Hy betsjinnet de 'trekkenwand', dêrmei kinst dekôrstikken op it poadium sakje litte.

Wyn op Woansdei: Wyldemerk

Wyn op Woansdei: Wyldemerk

09 Febrewaris 2005

Programmamakker Annet Huisman dûkt yn de problematyk fan de Wyldemerk. Yn dit natuergebiet fan Steatsboskbehear yn de gemeente Gaasterlân-Sleat binne plannen om in nije campus te bouwen foar probleemjongeren. Foar- en tsjinstanners komme oan it wurd lykas boer Andries Folmer dy't as buorman tsjin it plan is, wylst syn boerbuorman Johannes Boonstra it lân ferkocht hat foar it plan. Rick Steur (CVO Fryslân) en inisjatyfnimmer Herriet Weegenaar lizze har ideeën út, basearre op de Eagle Rock School. Ek komme oare bewenners oan it wurd en de polityk.