Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Monuminten yn Fryslan 2 Gebouwen fan it gesach

Monuminten yn Fryslan 2 Gebouwen fan it gesach

24 Novimber 1988

Yn diel twa fan it trijelûk oer monuminten fan Fryslân dûke we yn de skiednis en de monuminten fan it gesach fan Sleat. Menno van Coehoorn, it Stedshûs en de herfoarme tsjerke fan Sleat komme hjiryn foarby.

LTV_AID_YNSPEKSJE_WR

Regels om te kontrolearjen

29 Oktober 1995

De AID (Algemene Inspectie Dienst) giet nei oft de regels yn de lânbou en fiskerij wol neilibbe wurde. We gean op paad mei de ynspekteurs en sjogge by beropsfiskers, fûken en netten, by boeren en op de feemerk oft se goed op it fee passe en ek wurdt mei in helikopter sjoen oft der plakken binne mei oalje- en dongfersmoarging.

Spegels: Oerol 2000

Spegels: Oerol 2000

23 Juny 2000

We sjogge op Skylge, by it Oerolfestival. Trije freonen, Jan Spijkerman, Fedde Bergsma en Ton van Andel, filmje op fersyk fan de Omrop har Oerol. Se sjogge allerhanne acts op strjitte. Ek komme foarstellingen op ferskate lokaasjes foarby.